• Spring naar de hoofdnavigatie
  • Door naar de hoofd inhoud

Piratepartij Fryslân

foar in frije ynformaasje mienskip

  • Home
  • Over ons
    • FAQ
    • Regionaal
    • Internationaal
    • Statuten
  • Onze standpunten
  • Help mee!
  • Communiceer
    • Kalender
    • Live chat
    • Forum
    • Maillijsten
    • Wiki
  • Contact

Dizze Europarlemintsleden stimden hjoed foar it beheinen fan it ynternet yn Europa – mar wy jouwe net op

22 juni 2018 door Wietze Brandsma

Blog fan Europarlemintslid Julia Reda: "These MEPs voted to restrict the internet in Europe today – but we’re not giving up", oarspronklik publisearre op 20 juny 2018. Oerset troch Wietze Brandsma.

Hjoed waarden EP-leden fan de Kommisje juridyske saken fan it Europeesk Parlemint frege om te beslissen: moat jo frijheid om mei te dwaan op it ynternet beheind wurde foar it tsjinjen fan bedriuwsbelangen – of moatte alternative maatregels fêststeld wurde dy’t de fûnemintele rjochten beskermje?

Nettsjinsteande in massale útbarsting fan protest fan kiezers yn dizze lêste pear dagen, hat de mearderheid stimd foar sawol de link belesting as upload filters:

It web beheine Iepen ynternet Ûnthâlding
Kêst 11: Link belesting 13 ✔ 12 0
Kêst 13: Sensuer masjines 15 ✔ 10 0
De algehiele posysje fan ‘e kommisje goed keure 14 ✔ 9 2

Dit is in ûnakseptabele útkomst dat ik oanfjochtsje sil op de folgjende plenêre sitting, dêr’t alle 750 leden fan it Europeesk Parlemint frege wurde om it resultaat fan de kommisje te akseptearjen of it debat te iepenjen yn dat gruttere forum, dat ús dan in lêste kâns jaan soe om feroaringen oan te bringen.

Dizze stimming sil grif barre op 4 july. Litte wy dit de ûnôfhinklikheidsdei fan it ynternet meitsje, de dei dat wy it ynternet rêden fan sensuer masjines en in link belesting, #SaveYourInternet. Dochst ek mei?

Wa stimden foar beheinen fan jo ynternet

Wa’t hokker wei stimden waard net offisjeel fêstlein. Mar neffens waarnimmingen fan myn ploech binne dit de Europarlemintsleden dy’t stimden foar beheining fan jo online frijheden:

Europarlemintslid Stimde foar
Axel Voss
EFP (Konservativen) EFP, Dútslân
Kêst 11Kêst 13
Pavel Svoboda
EFP (Konservativen) EFP, Tsjechje
Kêst 13
Rosa Estaras Ferragut
EFP (Konservativen) EFP, Spanje
Kêst 11Kêst 13
Tadeusz Zwiefka
EFP (Konservativen) EFP, Poalen
Kêst 11Kêst 13
József Szájer
EFP (Konservativen) EFP, Hongarije
Kêst 11Kêst 13
Francis Zammit Dimech
EFP (Konservativen) EFP, Malta
Kêst 11Kêst 13
Luis de Grandes Pascual
EFP (Konservativen) EFP, Spanje
Kêst 11Kêst 13
Enrico Gasbarra
S&D (Sociaal Democraten) S&D, Itaalje
Kêst 11Kêst 13
Mary Honeyball
S&D (Sociaal Democraten) S&D, Feriene Keninkryk
Kêst 11Kêst 13
Jean-Marie Cavada
ALDE (Liberalen) ALDE, Frankryk
Kêst 11Kêst 13
Marinho e Pinto
ALDE (Liberalen) ALDE, Portugal
Kêst 11Kêst 13
Sajjad Karim
ECR (Eurosceptische Konservativen) EKR, Feriene Keninkryk
Kêst 13
Joëlle Bergeron
EFDD (Eurosceptische Populisten) EFDD, Frankryk
Kêst 11Kêst 13
Marie-Christine Boutonnet
ENV (Uiterst Rechts) ENV, Frankryk
Kêst 11Kêst 13
Gilles Lebreton
ENV (Uiterst Rechts) ENV, Frankryk
Kêst 11Kêst 13

Folgje my op Facebook en Twitter as jo wolle, sadat ik jo de kommende 14 dagen op ‘e hichte hâlde kin fan de kampagne!


Foar safier tastien by wet, hat de skriuwer ôfstân dien fan alle auteursrjochten en relatearre of neistlizzende rjochten op dit wurk.

Categorie: Save your internet Tags: auteursrecht, auteursrjocht, censuur, reda, SaveYourInternet, sensuer

Before Footer

Inloggen


Wachtwoord vergeten?
Wachtwoord vergeten
Annuleren
  • ANBI
  • Privacybeleid
  • Kalender
  • Contact
CC0 1.0 Universal Public Domain Dedication 2010 – 2025 Piratenpartij Nederland