Blog fan Europarlemintslid Julia Reda: "These MEPs voted to restrict the internet in Europe today – but we’re not giving up", oarspronklik publisearre op 20 juny 2018. Oerset troch Wietze Brandsma.
Hjoed waarden EP-leden fan de Kommisje juridyske saken fan it Europeesk Parlemint frege om te beslissen: moat jo frijheid om mei te dwaan op it ynternet beheind wurde foar it tsjinjen fan bedriuwsbelangen – of moatte alternative maatregels fêststeld wurde dy’t de fûnemintele rjochten beskermje?
Nettsjinsteande in massale útbarsting fan protest fan kiezers yn dizze lêste pear dagen, hat de mearderheid stimd foar sawol de link belesting as upload filters:
It web beheine | Iepen ynternet | Ûnthâlding | |
Kêst 11: Link belesting | 13 ✔ | 12 | 0 |
Kêst 13: Sensuer masjines | 15 ✔ | 10 | 0 |
De algehiele posysje fan ‘e kommisje goed keure | 14 ✔ | 9 | 2 |
Dit is in ûnakseptabele útkomst dat ik oanfjochtsje sil op de folgjende plenêre sitting, dêr’t alle 750 leden fan it Europeesk Parlemint frege wurde om it resultaat fan de kommisje te akseptearjen of it debat te iepenjen yn dat gruttere forum, dat ús dan in lêste kâns jaan soe om feroaringen oan te bringen.
Dizze stimming sil grif barre op 4 july. Litte wy dit de ûnôfhinklikheidsdei fan it ynternet meitsje, de dei dat wy it ynternet rêden fan sensuer masjines en in link belesting, #SaveYourInternet. Dochst ek mei?
Wa stimden foar beheinen fan jo ynternet
Wa’t hokker wei stimden waard net offisjeel fêstlein. Mar neffens waarnimmingen fan myn ploech binne dit de Europarlemintsleden dy’t stimden foar beheining fan jo online frijheden:
Folgje my op Facebook en Twitter as jo wolle, sadat ik jo de kommende 14 dagen op ‘e hichte hâlde kin fan de kampagne!
Foar safier tastien by wet, hat de skriuwer ôfstân dien fan alle auteursrjochten en relatearre of neistlizzende rjochten op dit wurk.